Accéder au contenu principal

Faak Stelde Fragen

FAQ

Hoe ryd kin ik ienfâldich nei ien fan jo parkeargaraazjes?
Der binne ferskate tagongsrûtes nei ús parkeargaraazjes. Oan de ynfalsdiken nei it sintrum fan Ljouwert steane elektroanyske buordsjes. Dizze buorden befetsje ek aktuele ynformaasje oer de beskikbere parkearplakken. Jo kinne de rûte nei ien fan ús parkeargaraazjes maklik fine fia Google Maps.
Op de buordsjes stiet 'VOL' by de garaazje fan myn kar. Kin ik der noch hinne?
As de sinjaalbuorden (jo sjogge se lâns ferskate ynfalswegen en by de parkeargaraazjes) oanjouwe dat in parkeargaraazje VOL is, betsjut dat net dat der gjin plak is. Der gean geregeld auto’s út de garaazjes wei sadat der wer plak ûntstiet. 'VOL' betsjut wol dat it langer duorret foardat jo de garaazje brûke kinne.
Hoe fier binne de parkeargaraazjes fan it sintrum ôf?
P-Zaailand en P-Oldehove lizze yn de binnenstêd fan Ljouwert. Oan de râne fan it sintrum steane de garaazjes Hoeksterend, Oosterstraat en Klanderij.
Kin ik in parkearromte reservearje?
Nee, dat is spitigernôch net mooglik.
Stiet myn auto feilich yn 'e garaazjes?
Mei kameratafersjoch dogge wy ús bêst om foar te kommen dat der wat mei jo auto bart. Wy kinne lykwols gjin garânsjes jaan. Jo parkearje dêrom altyd op eigen risiko. Wy advisearje om gjin weardefolle saken sichtber efter te litten yn jo auto.
Mei hokker betelmetoaden kin ik betelje?
Jo kinne by de betelautomaten yn ús parkeargaraazjes ôfrekkenje mei pinpas en creditcard. Yn alle garaazjes is op syn minst 1 betelautomaat oanwêzich dêr 't je mei kontant jild betelje kinne.
Kin ik myn fyts ek stalle yn de parkeargaraazje?
Nee, dit is net mooglik. Dêrfoar ferwize wy jo graach nei ús fytsestalling oan it Wilhelminaplein of de Sint Jacobsstrjitte.
Kentekenwerkenning

Al ús garaazjes binne foarsjoen fan kentekenwerkenning. Dit betsjut dat it kenteken fan jo auto by it ynriden scand wurdt en op jo parkearkaart printe wurdt. Hawwe jo jo parkearkaart betelle? Dan wurdt jo kenteken opnij scand troch de kamera by de útrydterminal. De slachboom giet dan automatysk foar jo iepen.

Binne jo in abonnee of brûke jo Mobiel Parkeren en hawwe jo kentekenregistraasje aktivearre? Dan giet nei it scannen fan it kenteken de slachboom by it yn- en útriden automatysk foar jo iepen.

Soms komt it foar dat de kentekenwerkenning net wurket. Dit kin bygelyks komme troch in systeemsteuring of in ûnlêsbere kentekenplaat. Hâld dêrom altyd jo parkearkaart, abonnemintspas of oare passen/tokens by de hân.

Wat is de maksimale ynrydhichte yn 'e garaazjes?
  • P-Oldehove en de P-Oosterstrjitte kinne jo ynride mei motorreau mei in maksimale hichte oant 2,20 meter.
  • De P-Hoeksterend en P-Zaailân binne tagonklik foar motorreau mei in hichte oant maksimaal 2,10 meter.
  • P-Klanderij is geskikt foar motorreau mei in hichte oant maksimaal 2 meter.
Binne de parkeargaraazjes tagonklik foar motorfytsen?
Nee. Jo kinne gjin motorfyts parkeare yn ús parkeargaraazjes. De ynduksjelussen yn it weidek fan de garaazjes werkenne de massa fan in motorfyts net. Dat betsjut dat in slachboom net iepenet of te betiid ticht giet. Dit smyt feilichheidsrisiko's op. Yn 'e binnenstêd binne oars genôch plakken om de motor te parkearjen.
De garaazje is ticht mar ik wol myn auto ophelje, wat no?

Yn al ús parkeargaraazjes kinst altyd útride wannear'tst yn it besit bist fan in jildige parkearkaart. By de fuotgongersyngong fan ús parkeargaraazjes fynst in kaartlêzer foar dyn parkearkaart en abonnemintspas. Hâld jo parkearkaart mei de streepkeskoade sa'n 10 sm foar it reade glês en de tagongsdoar wurdt iepene. Binne jo in abonneminthâlder of brûke jo stedsparkearjen? Hâld jo pas foar it eP-logo en/of it info logo. Slagget dit net of ha jo fragen? Druk dan op de ynformaasjeknop op de kaartlêzer.

Wichtich: nim altyd jo parkearkaart, Mobiel Parkeren-pas of abonnemintspas mei om nei slutingstiid tagong te krijen ta de parkeargaraazje.

Ik ha myn parkearkaart yn 'e auto lizze litten, hoe kom ik binnen?
Druk by de tagongsdoar op de Ynformaasje knop (jo kinne dit fine neist de doarlêzer).
Ik bin myn parkearkaart kwytrekke, wat no?
Meld jo by it kantoar fan de behearder. Is dy net oanwêzich? Druk op de bel of brûk de intercomknop by it kantoar.
Ik haw problemen mei de betelautomaat?
Druk op de ynformaasjeknop op de betelautomaat en jo wurde ferbûn mei in meiwurker.
Ik haw betelle, mar de slachboom giet net iepen?
Druk op de ynformaasjeknop op 'e útrydterminal en jo wurde trochferbûn mei in meiwurker.
Yn hokker garaazje kin ik it bêste parkearje?
Ljouwert hat in kompakte binnenstêd. Jo fine ús fiif parkeargaraazjes allegear op rinôfstân fan it sintrum en de foarsjenningen.
Kin ik mobyl parkearje yn jo garaazjes brûke?
Ja, dat kin. P-Hoeksterend, P-Klanderij, P-Oldehove, P-Oosterstraat en P-Zaailand binne oansletten by Stadsparkeren en Parkmobile en foarsjoen fan kentekenwerkenning. Dit betsjut dat jo kenteken automatysk lêzen wurdt by it yn- en útriden. Wurket de kentekenwerkenning net (nûmerboerd smoarch of skansearre)? Bied dan jo Stadsparkerenpas of Token fan Parkmobile oan by de yn- en útrydterminal.

Klanteservice

Is jo fraach noch net beäntwurde?

Nim dan kontakt op mei ús klanteservice. Wy helpe jo graach fierder.

*verplichte velden

Troch dit formulier yn te stjoeren, geane jo akkoart mei de algemiene betingsten neffens de AVG-wet en ús privacyferklearring .

Altyd tichtby it sintrum, oantreklike tariven, feilich en noflik. Dat is parkearje yn Ljouwert.